Wiebe Kaspers

Wiebe Kaspers (Jorwert, 1990) is in Fryske pianist, sjonger en multy-ynstrumintalist út Ljouwert.

Wiebe Kaspers slagge yn 2010 foar de piano jazz&pop-oplieding oan it ArtEZ konservatoarium. Yn 2012 slagge er by ArtEZ foar de masteroplieding ‘Muzykteäter’. Dêrnei spile hy mei syn muzykteäterduo Hammer & Kaspers en trede op mei syn solokonsert Muziek!
Yn 2013 presintearre Kaspers yn it radioprogramma Noardewyn fan Omrop Fryslân syn debútsingle It Gouden Fjild. It wie in bewurking fan Fields of goldfan Sting en waard opnomd troch Nico Outhuijse, mei Syb van der Ploeg as produsint. Wiebe wie yn de kunde komd mei Syb van der Ploeg doe’t dy it earste solokonsert fan Wiebe bywenne yn de tsjerke fan Wiebe syn bertedoarp Jorwert, dêr’t Syb him koart dêrfoar nei wenjen setten hie. Yn 2015 treden Syb en Wiebe op mei it programma De toon van de tijd.